4e Ăștwiksel agraryske studinten


De útwiksel is in gearwurking tusken de Fryske Rie en AOC Friesland, ôfdieling MBU Feehâlderij. Ien en oar yn it ferlingde fan ‘e reguliere boeremoetings dy’t de Fryske Rie alle jierren organisearret.

It doel fan de moetings is it útwikseljen fan ynformaasje mei studinten dy’t min of mear deselde oplieding dogge en it fersterkjen fan de Ynterfryske kontakten. De gasten wurde datoangeande dan ek by de learlingen thús ûnderbrocht.

In wurkgroep besteande út trije learlingen en fertsjintwurdigers fan AOC Friesland en de Fryske Rie ha it programma gearstald.

Moandei 14 maart middeis om 14.00 oere is de ûntfangst by AOC Friesland oan de Jansoniusstrjitte yn Ljouwert troch Hans Aartsen en Sjoerd van der Schaar, respektivelik de direkteur fan AOC Friesland en de foarsitter fan de wurkgroep boeremoeting fan de Fryske Rie.

Op it programma steane û.o. in besite oan boerebedriuwen yn Kollumerpomp, Hallum en Gaast. De studinten krije rûnliedings by A.C. Hartman yn Seisbierrum, ien fan de grutste teeltbedriuwen ûnder glês yn Europa, en distillearderij Sonnema B.V. yn Boalsert. Fierders sille se op De Westereen besykje it fierljeppen yn ‘e macht te krijen. Kontakt mei de minsken fan de reguliere boeremoetings is der ek yn de foarm fan in mienskiplike bbq.

De útwiksel wurdt njonken finansjele stipe fan AOC Friesland en de Fryske Rie mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en de boeren fan de reguliere boeremoetings.

Sjoch foar it folsleine útwikselprogramma www.fryskerie.nl