Utnoeging Ynterfrysk kongres yn East-Fryslân

It programma sjocht der sa út:

Sneon 13 juny ‘09

10.00               Rathaus*: Festsaal, Rathausstr. 1 26789 Lier (Leer).
                        Iepenjen en wolkom troch de presidint fan de Ynterfryske Rie, Dieter Baumann.
                        Begroeting troch de boargemaster fan de stêd Lier (Leer), Wolfgang Kellner.

10.15-10.45    Ynlieding troch Prof. Dr. K.-E. Behre fan it Nds. Inst. für Hist. Küstenforschung
                        yn Wilhelmshaven. Behre praat oer de ûntjouwing fan de súdlike Noardsee sûnt de
                        lêste iistiid.
skoft

11.15-11.45    Ynlieding troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan it GKSS, Institut für                                           Küstenforschung yn Geesthacht, oer: Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden:
                        wat is ús foarútsjoch?
skoft

12.15-12.45    Ynlieding troch Hanz Dieter Niemeyer, meiwurker fan it Nds. Landesbetrieb für
                        Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle Küste,
                        Norderney. Underwerp: alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber
                        binne dy?

12.45-14.30    skoft en middeismiel

14.30               - Oerdracht foarsitterskip en sekretariaat Ynterfryske Rie
                           fan seksje East nei seksje West
                        - Begroeting troch Hermann Dinkla MdL, Presidint fan de Nedersaksyske Landtag
                        - Begroeting troch Helmut Collmann, Presidint fan de Ostfriesische Landschaft

15.00-17.00    Poadium- en plenêrdiskusje ûnder lieding fan in moderator. Elkenien wurdt útnoege om mei te praten oer it tema fan it kongres.

17.30               Slútwurden

oant 19.00       Gjin sintraal programma, nei eigen ynsjoch yn te foljen.

19.00                          Jûnsprogramma oan board fan it "Emstraumschiff" MS Warsteiner Admiraal mei iten en muzyk. Offeart om 19.30 oere foar de tocht oer de Iems de kant fan de Dollart út. De board leit fuort by it Rathaus. 23.00   (likernôch) Weromkomst yn de haven fan Leer.  - sjoch oare side -



Snein 14 juny ‘09
Moarns kar-út in trijetal programma-ûnderdielen:
            - besite oan de Upstalsboom yn Auerk (Aurich), op eigen gelegenheid
10.00   - besite oan ien fan de tsjerketsjinsten yn Lier (Leer), op eigen gelegenheid: bgl. ev. luth. Kirche:
              Lutherkirche, of ev.-ref. Kirche, Reformierte Kirchgang 19.

11.00   - stedskuier troch de Altstadt fan Lier (Leer) en besite oan it Haus Samson ûnder lieding fan
              Gerhard Cordes, foarsitter seksje East fan de Ynterfryske Rie.

13.00   (likernôch): ôfreizgjen.
                                                                                                                             Programmawizigings foarbehâlden.

Nei oanlieding fan it kongres wurdt in spesjale likernôch 10 sm trochsnee grutte brûnzene medalje yn beheinde oplage te keap oanbean.

Yn de hal (Vorraum) fan it stedshûs is in tentoanstelling oer it tradisjonele Nijjiers wakfiskjen.


Opjaan

Opjaan foar it kongres by de Fryske Rie,
Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder
Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!,
p.a. Troelstrapark 3, 8918 MA  LJOUWERT of fia tel. 06 16 608 348. Under fermelding fan jo namme-, adres- en wenplakgegevens en om hoefolle persoanen it giet.



De priis fan it kongresprogramma is € 35,- de man/frou. Dat is foar it kongres en it jûnsprogramma (middeismiel, boat mei buffet en muzyk). It is eksklusyf slieperij. Sûnder it jûnsprogramma op de boat kostet it € 10,-. Skoalbern en studinten kinne 50% koarting krije op de kongrespriis fia de Fryske Rie: ynformearje nei de mooglikheden by Saapke Miedema.



Nei jo/dyn opjefte wurdt in befêstiging en in rekken stjoerd. Opjefte is definityf nei it beteljen fan de rekken, dan is de organisaasje wis fan jo/dyn dielname!

Oernachting** op eigen gelegenheid te boeken by de Tourist-Information fan de stêd Lier  (Leer) (00 49 491 91 96 96, e-mail: Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!). As jo wolle kinne jo freegje nei de meiwurk(st)er  dy't Nederlânsk praat. Kar-út oernachting yn de jeugdherberch** of tal fan hotels. It hiele programma en it ôfreizgjen fan de boat spilet him op rinôfstân fan inoar yn it sintrum Lier (Leer) ôf, sjoch it programma.

*           Rûtebeskriuwing Rathaus:
            Trein: Bahnhof Leer.
Auto: A31, daliks nei de Emstunnel
ôfslach 11, Leer-West en dan rjochting
            Innenstadt.

**         der binne foar dit kongres in tal sliepplakken reservearre by de jeugdherberch (Jugendherberge Leer yn it sintrum. Dêr kinne jo by it boeken oan referearje. Tel. 00 49 491 21 26 of stjoer in mail nei Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!. Priis oant 26 jier € 16,20/nacht, 27 jier en âlder € 19,20 (priis oernachting ynkl. moarnsbrochje en lekkens. Ienpersoanskeamer + € 10,00 p.p.p.n en twapersoanskeamer + € 5,00 p.p.p.n. Alle keamers mei dûs/wc.