De earste
sprekker, Prof. Dr. K.-E. Behre fan it Norddeutsches Institut für Historische
Küstenforschung yn Wilhelmshaven, prate út histoarysk eachpunt oer de
ûntjouwing fan de súdlike Noardsee sûnt de lêste iistiid. Professor Behre joech
útlis oer hoe't de Dútske kust him ûntwikkele hie en wat foar faktoaren dêr in
rol by spilen. Hij makke, stipe troch moai en byldzjend kaart- en
fotomateriaal, dúdlik dat de minske der, bewust of ûnbewust, in grutte rol yn
spile hie. De ûntwikkeling fan it fuortgean fan de befolking út ûnderrinnende
gebieten, it dêrnei festigjen op ferhegings, terpen, en letter it oanlizzen fan
dykjes en letter diken, is soms bij ferrassing noch werom te finen bij
opgravings dy't dien wurde foar bygelyks is oanlizzen fan diken en wenwiken. Der
is noch altyd in skat oan wittenskiplik histoarysk materiaal te finen.
De
twadde ynlieding waard fersoarge troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan
it GKSS, Institut für Küstenforschung yn Geesthacht. Syn tema wie:
Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden: wat is ús foarútsjoch? Professor Von
Storch hat ûndersyk dien nei it regionale stoarmklimaat. Hij makke dúdlik, dat
syn ynstitút gjin foarsizzings die, mar inkeld de wittenskiplik ûnderboude
ferskillende senario's dy't mooglik binne, oanjout. Hoefolle as de seespegel
werklik rize sil, is net te foarsizzen. Syn ynstitút makket allinnich dúdlik
dat as dat safolle sintimeter is, dan hat dat dizze gefolgen. Hij helle út nei
de bestjoerders en parse, dy't de der útkommen feiten faak ferdraaie sa't it har
it bêste útkomt, wêrnei't ferfolgens mei in beskuldigjende finger nei de wittenskippers
wiisd waard. Neffens him wie der noch genôch tiid om earst goed nei te tinken
wat de bêste oplossing is foar it beskermjen fan in oprinnende wetterspegel.
Der is gjin reden foar panykaksjes, dy't de polityk soms fan doel is út te
fieren. Hy wiisde dêrby ek nei it Nederlânske regear en de plannen dy't dêr op
dit stuit ûntsteane. It hie bygelyks bliken dien, dat dêr wêr't de iiskap fan
Grienlân op ien kant teit, dy oan de oare kant wer oangroeit en like hurd
grutter wurdt. Hij frege him ôf wêrom't der wol praat wurdt oer it teien mar
dat net ien wat seit oer it oangroeien.
De
tredde ynlieder wie de hear Franz Dieter Niemeyer, meiwurker fan it Norddeutsch
Landesbetrieb für Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle
Küste, Norderney. De hear Niemeyer wurket, lykas professor Von Storch, foar in ynstitút
dat ek wol gearwurket mei TNO yn Nederlân en hij wie dêrtroch ek goed op de
hichte fan de situaasje yn it Fryske gebiet. De hear Niemeyer hie as ûnderwerp:
alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber binne dy? Je soenen
de kustbeskerming fuortlitte kinne en je werom lûke nei hegere parten fan it
lân, sa as dat hiel froeger ek barde. Mar dat soe al gau betsjutte dat der gjin
plak wie foar alle minsken en harren ekonomy. In alternatyf is it heger
meitsjen fan besteande diken, mei opoffering fan wat der krekt achter stiet, of
it opheegjen fan de besteande bebouwing efter de dyk. Je kinne der ek foar soargje
dat it wetter earder keard wurdt troch ekstra simmerdiken yn de see oan te
lizzen. Op dit stuit is der net ien mooglikheid dy't as it Aai fan Columbus
sjoen wurdt en der sil dêrom noch hurd wurke wurde moatte oan it sykjen fan
alternativen.
Yn de
diskusje letter op de middei waard dúdlik, dat fertsjintwurdigers fan
ferskillende politike ynstânsjes, bewenners fan leech lizzende gebieten en oare
goed ynformearre oanwêzigen it noch net iens wurde koene oer wat der yn de
kommende tiid barre moat troch de oprinnende wetterspegel en de ferwachte
waarsferoarings yn de kommende tsientallen jierren, al wie men it wol iens dat
der wat barre moat.
It
skoft en middeismiel wie oan board fan it "Emstraumschiff" Ms Warsteiner
Admiraal, dêr't jûns ek in waarm en kâld búffet foar de dielnimmers klear stie.
Beide kearen waard der in oare rûte ôflein troch de boat, wêrtroch't sawol it
iten, de kontakten en it útsjoch tige oangenaam wine.
Nei
it skoft wie de oerdracht fan it foarsitterskip en it sekretariaat/ponghâlderskip
fan de Ynterfryske Rie fan seksje East nei seksje West. Dr. mr. Roel Kaastra, dy't de foarige deis yn de gearkomste
fan de Rie keazen waard ta nije presidint, krige de taken oerdroegen fan Dieter
Baumann. Saapke Miedema is de nije skriuwer/ponghâlder. Kaastra betanke de hear Baumann foar syn ynset, ek wat
dit kongres oanbelanget. It folgjende, 25e , kongres sil yn 2012
plakfine yn Fryslân en sil dan ek in ekstra feestlik tintsje krije. De hear
Kaastra stelde as nije burohâldster Froukje de Jong-Krap foar. Sij sil foar
trije jier de taken oernimme fan Sabine Gronewold, dêr't ek ôfskie fan nommen
waard.
Op
snein stie der noch in stedskuier troch Lier op it program, dy't sa'n tritich
dielnimmers luts. Dy waarden troch in entûsjaste gids en in noch entûsjastere
stêdskenner Cordes rûnlaat troch de prachtige âlde binnenstêd en hja koenen fan
boppe op de toer fan it stedshûs genietsje fan in prachtich útsjoch oer de
stêd. Dêrnei gong eltsenien tefreden wer op hûs oan.