10.00
Rathaus*: Festsaal,
Rathausstr. 1 26789 Lier (Leer).
Iepenjen
en wolkom troch de presidint fan de Ynterfryske Rie, Dieter Baumann.
Begroeting
troch de boargemaster fan de stêd Lier (Leer), Wolfgang Kellner.
10.15-10.45 Ynlieding troch Prof. Dr.
K.-E. Behre fan it Nds. Inst. für Hist. Küstenforschung
yn
Wilhelmshaven. Behre praat oer de ûntjouwing fan de súdlike Noardsee sûnt de
lêste
iistiid.
skoft
11.15-11.45 Ynlieding troch Prof. Dr.
Hans von Storch, direkteur fan it GKSS, Institut für Küstenforschung yn Geesthacht, oer:
Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden:
wat
is ús foarútsjoch?
skoft
12.15-12.45 Ynlieding troch Hanz Dieter
Niemeyer, meiwurker fan it Nds. Landesbetrieb für
Wasserwirtschaft,
Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle Küste,
Norderney.
Underwerp: alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber
binne
dy?
12.45-14.30 skoft en middeismiel
14.30 - Oerdracht
foarsitterskip en sekretariaat Ynterfryske Rie
fan seksje East nei seksje West
-
Begroeting troch Hermann Dinkla MdL, Presidint fan de Nedersaksyske Landtag
-
Begroeting troch Helmut Collmann, Presidint fan de Ostfriesische Landschaft
15.00-17.00 Poadium- en plenêrdiskusje ûnder lieding fan
in moderator. Elkenien wurdt útnoege om mei te praten oer it tema fan it
kongres.
17.30 Slútwurden
oant 19.00 Gjin sintraal programma, nei eigen
ynsjoch yn te foljen.
19.00 Jûnsprogramma oan board fan it
"Emstraumschiff" MS Warsteiner Admiraal mei iten en muzyk. Offeart om 19.30
oere foar de tocht oer de Iems de kant fan de Dollart út. De board leit fuort
by it Rathaus. 23.00 (likernôch)
Weromkomst yn de haven fan Leer. -
sjoch oare side -
Snein 14 juny ‘09 Moarns
kar-út in trijetal programma-ûnderdielen:
-
besite oan de Upstalsboom yn Auerk (Aurich), op eigen gelegenheid
10.00 - besite oan ien fan de
tsjerketsjinsten yn Lier (Leer), op eigen gelegenheid: bgl. ev. luth. Kirche:
Lutherkirche, of ev.-ref. Kirche, Reformierte
Kirchgang 19.
11.00 - stedskuier troch de Altstadt fan Lier
(Leer) en besite oan it Haus Samson ûnder lieding fan
Gerhard Cordes, foarsitter seksje East fan de
Ynterfryske Rie.
Nei
oanlieding fan it kongres wurdt in spesjale likernôch 10 sm trochsnee grutte
brûnzene medalje yn beheinde oplage te keap oanbean.
Yn de
hal (Vorraum) fan it stedshûs is in tentoanstelling oer it tradisjonele
Nijjiers wakfiskjen.
Opjaan
Opjaan foar it kongres by de
Fryske Rie,
Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!,
p.a. Troelstrapark 3, 8918 MA LJOUWERT
of fia tel. 06 16 608 348. Under fermelding fan jo namme-, adres- en
wenplakgegevens en om hoefolle persoanen it giet.
De
priis fan it kongresprogramma is € 35,- de man/frou. Dat is foar it kongres en
it jûnsprogramma (middeismiel, boat mei buffet en muzyk). It is eksklusyf
slieperij. Sûnder it jûnsprogramma op de boat kostet it € 10,-. Skoalbern en
studinten kinne 50% koarting krije op de kongrespriis fia de Fryske Rie:
ynformearje nei de mooglikheden by Saapke Miedema.
Nei
jo/dyn opjefte wurdt in befêstiging en in rekken stjoerd. Opjefte is definityf
nei it beteljen fan de rekken, dan is de organisaasje wis fan jo/dyn dielname!
Oernachting** op eigen gelegenheid te
boeken by de Tourist-Information fan de stêd Lier (Leer) (00 49 491 91 96 96, e-mail:
Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!). As jo wolle kinne jo freegje nei de meiwurk(st)er dy't Nederlânsk praat. Kar-út oernachting yn
de jeugdherberch** of tal fan hotels. It hiele programma en it ôfreizgjen fan
de boat spilet him op rinôfstân fan inoar yn it sintrum Lier (Leer) ôf, sjoch
it programma.
*
Rûtebeskriuwing Rathaus:
Trein: Bahnhof Leer.
Auto: A31, daliks nei de Emstunnel
ôfslach 11, Leer-West en dan rjochting
Innenstadt.
** der binne foar dit kongres in tal
sliepplakken reservearre by de jeugdherberch (Jugendherberge Leer yn it
sintrum. Dêr kinne jo by it boeken oan referearje. Tel. 00 49 491 21 26 of
stjoer in mail nei Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!. Priis oant 26 jier € 16,20/nacht, 27
jier en âlder € 19,20 (priis oernachting ynkl. moarnsbrochje en lekkens.
Ienpersoanskeamer + € 10,00 p.p.p.n en twapersoanskeamer + € 5,00 p.p.p.n.
Alle keamers mei dûs/wc.