It boek is in oersetting fan Die Frieslande, dat yn 2006 yn it Dútsk útjûn is troch de Interfriesische Rat/Ynterfryske Rie yn ’e mande mei it Nordfriisk Instituut en beslacht sa'n 130 siden. Jorritsma neamde it boek ‘zeer interessant’, ‘een standaardwerk’ en ‘ik zou het iedereen willen aanbevelen’, mar ek ‘iedereen zou het moeten kunnen lezen’. Dêrom frege er de Afûk en de Fryske Rie om ek nei te tinken oer in oersetting fan it boek yn it Nederlânsk.
De Fryslannen wurdt útjûn troch de Afûk yn ‘e mande mei de Fryske Rie en is fan 16 desimber 2008 ôf te keap yn de Fryske boekhannels foar € 17,50.