De earste-dei-segels binne nei Dútske tradysje oanbean op folchoarder fan belangrykheid yn respektivelik reade, griene en wite Albums. De Bundesminister der Finanzen Peer Steinbrück, rikte in read album út ornearre foar drs. E.H.Th.M. Nijpels, Kommissaris fan ‘e Keninginne fan de Provinsje Fryslân. Nijpels koe lykwols net oanwêzich wêze. Foar Peter Harry Carstensen, Ministerpräsident fan Schleswig-Holstein, Christian Wulff, Ministerpräsident fan Niedersaksen en Ingwer Nommensen, foarsitter fan de Ynterfryske Rie wiene der ek reade albums.
In grien Album wie der foar de foarsitters fan de trije Fryslannen, nl. Dieter Baumann, Friesenrat Seksje East, Dr.Mr. Roel Kaastra, Fryske Rie seksje West en Ingwer Nommensen, Frasche Rädj seksje Noard. Foar alle Fryslannen wiene der ek noch in oantal wite albums. Foar West-Fryslân waarden dy útrikt oan drs. Piet Hemminga, Johannes Samplonius, dr. Jaap van der Bij en it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) yn de persoan fan foarsitter Tineke Bergstra.
Op it seisde Friesenkongress op 28 augustus 1955 waard yn Auwerk (East-Fryslân) it Frysk Manifest oannommen. Ferline jier 50 jier lyn en yn augustus betocht by de Upstalbeam yn Auwerk. Koart nei de Twadde Wrâldoarloch stelden de Friezen ûnderling dus al in Manifest op om te stribjen nei in Europeeske ienwurding. Doel wie en is net allinnich ûnder de Friezen it gefoel fan mienskiplikheid te behâlden, mar, noch wichtiger, it bewarjen en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer.
Oanslutend waard op 18 febrewaris 1956 yn it Nedersaksyske Leer de Friesenrat oprjochte. De Rat, dy’t sûnt 1998 Interfriesische Rat (Ynterfryske Rie) hjit, is in ferbûn tusken de Friezen yn Noard-Fryslân (Schleswig-Holstein), East-Fryslân (Niedersachsen) en West-Fryslân (Provinsje Fryslân).